De saak Van Seggeren: in oersjoch

28 mrt 2018 - 17:15

Snein 9 july 2017

In ynwenner fan De Westereen fynt moarns om 10:30 it lyk fan in man yn de greide oan de râne fan De Westereen. Letter op 'e dei wurdt bekend dat it stoflik omskot fan de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach is en dat er omkaam is troch in misdriuw.

De jûn derfoar waard Van Seggeren foar it lêst sjoen by in muzykfeest yn De Westereen.

Moandei 10 july 2017

De plysje set útein mei in grut spoare-ûndersyk op it plak dêr't it lichem fan Van Seggeren fûn waard. Yn de omjouwing fan de krusing fan de strjitten Fogelsang en Bûterwei wurde de bermen meand, om sa bewiismateriaal fine te kinnen. Ek wurde hûnen ynset.

Letter op de dei beëiniget de plysje it forinsysk ûndersyk. It gebiet wurdt wer frijjûn.

Freed 14 july 2017

Nettsjinsteande it eardere berjocht dat Van Seggeren troch in misdriuw om it libben kaam, hâldt in ûndersyksteam no ek rekken mei it senario dat er oanriden is. Dat basearre se op it letsel dat Van Seggeren hie.

Freed 11 augustus 2017

In moanne nei de dea fan Van Seggeren hat de plysje goed tachtich tips binnenkrigen, mar it is noch hieltyd net dúdlik wat der krekt bard is. Der wurkje tweintich meiwurkers fan de plysje oan de saak.

Moandei 21 augustus 2017

De plysje dielt yn fjouwer doarpen yn Noardeast-Fryslân hûs oan hûs folders út. Dêryn freget de plysje om tips. Ek sykje se spesifyk nei acht minsken, fan wa't de plysje tinkt dat se wat mear witte oer de lêste oeren fan Van Seggeren.

Freed 29 septimber 2017

Plysje Fryslân makket bekend dat Tjeerd van Seggeren nei alle gedachten oanriden is troch in blauwe wein of in wein mei blauwe ûnderdielen. Dat konkludearret de plysje út spoare-ûndersyk.

Van Seggeren soe oanriden wêze flakby't it plak dêr't er fûn is, sa tinkt de plysje. Dêr soe er oppikt wurde. Hoe't er dan presys yn de greide telâne kaam is, wit de plysje net. Wol is dúdlik dat er net yn de greide oanriden is.

Tiisdei 19 desimber 2017

De 33-jierrige frou van Tjeerd van Seggeren wurdt oanholden as fertochte fan belutsenheid by de dea fan har man. De kommende dagen wurdt se heard.

De plysje ûndersiket de wenning fan de famylje en slút net út dat yn dizze saak noch mear minsken oanholden wurde.

Freed 22 desimber 2017

De widdo fan Tjeerd van Seggeren bliuwt twa wiken langer fêstsitten op fertinking fan belutsenheid by de dea fan har man. 

Woansdei 3 jannewaris 2018

De fertochte bliuwt tritich dagen langer fêstsitten.

Tongersdei 1 febrewaris 2018

De fertochte bliuwt noch sechstich dagen langer fêstsitten. 

Freed 2 febrewaris 2018

De fertochte giet yn heger berop tsjin de ferlinging fan it foararrest fan sechstich dagen. Advokaat Tjalling van der Goot fan de fertochte is dêrtsjin yn berop gien, omdat syn kliïnt alle belutsenheid ûntkent.

Tiisdei 13 febrewaris 2018

De fertochte bliuwt fêstsitten, dat hat it gerjochtshôf bepaald.

Tongersdei 22 maart 2018

De rjochtbank yn Ljouwert behannelet op 28 maart foar it earst yn it iepenbier de strafsaak tsjin de 33-jierrige frou fan Tjeerd van Seggeren. De frou wurdt fertocht fan belutsenens by de dea fan har man. De saak sil noch net ynhâldlik behannele wurde. It ûndersyk is noch geande. De rjochtbank beslút wol oft de frou noch langer yn foararrest sitten bliuwe moat of net.

Woansdei 28 maart 2018

Tjeerd van Seggeren is ferline jier july troch in hurd of stevich foarwerp op syn holle slein. Dêrtroch is hy om it libben kommen en dat is mei opsetsin dien. Sa die bliken op de rjochtsaak tsjin de frou fan Van Seggeren, dy't fertochte is. Mooglik hat syn frou slein, mar it kin ek wêze dat in oar it dien hat. Justysje giet der ek fan út dat sy net allinnich wie. De 37-jierrige Van Seggeren waard begjin july dea fûn yn in greide by De Westereen. Hy hie swiere ferwûningen oan syn holle. Hy hie derfoar in pleatslik festival besocht. De sittingsseal siet fol mei famylje en freonen en minsken út de omjouwing.

(advertinsje)