Jouster Park net leech kapt

31 okt 2011 - 21:27

Der fynt gjin kealslach plak yn it Jouster park Ter Huivra. Dat sei wethâlder Durksz moandeitejûn op in ynformaasjegearkomste yn it gemeentenhûs fan De Jouwer. Guon Jousters makken har grutte soargen oer de kapplannen fan de gemeente.

Yn de fergunningsoanfraach stie dat der 56 beammen kapt wurde. Dat bin der mar tweintich. De rest wurdt ferpleatst en fierder giet it om it fuortheljen fan struken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)