Grutte brân yn Ljouwert

31 okt 2011 - 20:22

Yn Ljouwert is moandeitejûn in grutte brân útbrutsen by garaazjebedriuw Van Leeuwen oan de Adoniswei. By de brân ha eksploasjes plakfûn dy't yn de fiere omkriten te hearren wiene. De brânwacht ûndersiket noch oft der ek gefaarlike stoffen frijkaam binne.

Der kamen in soad minsken op de brân ôf, dy waarden troch de helptsjinsten op grutte ôfstân hâlden. Van Leeuwen restaurearret âlde auto's. Der binne meardere auto's ferlern gien by de brân.

Omstanners ha noch besocht auto's nei bûten te riden. Dat is by twa auto's slagge, mar doe waard it te gefaarlik. It gebou is ynstoart. Ek autobedriuw Seepma dat neist Van Leeuwen sit, is troffen troch de brân.Der kamen inkelde hûnderten minsken ôf op de brân. Dat soarge foar lytse opstoppings op de diken op it yndustryterrein. Helptsjinsten hiene yn it begjin muoite om by de brân te kommen. In 40 brânwachters út Ljouwert, Burgum, Grou en Marsum binne ynset by de bestriding fan it fjoer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)