A7 nei Noard-Hollân ticht

31 okt 2011 - 19:31
Foto: Omrop Fryslân

De A7 tusken Surch en Breesândyk is moandeitejûn ôfsletten foar alle ferkear. Dat komt om't der in ûngelok bard is. Dêrby wiene twa auto's belutsen. Der is allinne materiële skea. De auto's steane midden op de dyk en binne sa swier skansearre dat se net mear ride kinne.

De berger is ûnderweis en sa gau as de auto's fuortsleept binne, wurdt de dyk wer frijjûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)