Twadde ferlies Jong It Fean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean/Emmen hat foar de twadde kear dit seizoen in wedstriid ferlern. Yn Ulft wûn Jong De Graafschap mei 1-0. Beide ploegen spilen in minne earste helte. It twadde bedriuw wie better. De thúsploech loerde op in útfal, Jong Hearrenfean krige de kânsen. Yn de ôfwurking wie de ploech fan trainer Jan de Jonge lang net skerp genôch.
Yn de 83e minút makke Sjoerd Overgoor de winnende goal. Jong Hearrenfean bliuwt twadde, 4 punten achter Twente.