Frijspraak âld-Boalsterter foar oplichting

19 des 2017 - 16:46
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De rjochtbank hat in âld-ynwenner fan Boalsert frijsprutsen fan oplichting. De man waard derfan fertocht dat er minsken oerhelle om djoere telefoanabonneminten ôf te sluten. Hy soe se dêrnei mei de kosten sitte litten hawwe. De man hie syn slachtoffers wiismakke dat se gau jild fertsjinje koene troch abonneminten mei djoere tillefoans ôf te sluten. Hy soe de abonneminten oernimme en syn kurator soe dan regelje dat it jild kwytskolden wurde soe.

De rjochter fûn dat de slachtoffers fan de man witte kinnen hiene dat der in luchtsje oan de saak siet. De man krige wol trije wike sel omdat er fan 't simmer in rubberboat stellen hie yn Boalsert.

Trefwurden: 
oplichting plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)