Wurdboek Frysk folslein

31 okt 2011 - 18:53

It Wurdboek fan de Fryske taal is kompleet. Nije wike freed wurdt it 25e en lêste diel fan it wurdboek presinteard. It boek is makke troch de Fryske Akademy en is oars as in gewoan wurdboek. Yn it boek stiet mear te lêzen oer de oarsprong en it gebrûk fan wurden.

It jout in byld fan it Frysk fan 1800 oant 1975. It folsleine Wurdboek fan de Fryske taal telt mear as 100.000 wurdboeksiden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)