Meiwurkers Caparis stake

31 okt 2011 - 18:28
Foto: Omrop Fryslân

Meiwurkers fan Caparis en oare sosjale wurkfoarsjennings sille tiisdei net oan it wurk. Se stake foar in bettere CAO. De sosjale wurkfoarsjennings sitte al goed oardel jier sûnder CAO. De ûnderhannelings oer in nije oerienkomst binne fêstrûn.

Wurknimmers út de fjouwer noardlike provinsjes komme dêrom tiisdei yn Assen byelkoar om aksje te fieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)