Brommers ekstra kontrolearre

31 okt 2011 - 18:01
Foto: Omrop Fryslân

Brommer- en skooterriders wurde de kommende moanne ekstra goed yn de gaten hâlden. De plysje sil ekstra strang kontrolearje op it besit fan in rydbewiis, it dragen fan in helm en de snelheid.

De kontrôles binne ûnderdiel fan de bromfytskampanje dy't opset is mei it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens Fryslân. Dy hat as boadskip dat in soad ûngemakken foar te kommen binne troch bewust op paad te gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)