"Fryslân kin de ôffal-easken fan de EU maklik opfolgje"

19 des 2017 - 16:30

It is foar Fryslân helber om yn 2035 noch mar tsien prosint fan ús ôffal op in stoartplak te bringen, dat seit direkteur John Vernooij fan ôffalferwurker Omrin. It Europeesk parlemint wol dat der yn de EU mear ynset wurdt op duorsumens en recycling, en dus binne der doelen steld foar de takomst. Sa moat 65 prosint fan it ôffal yn 2035 opnij brûkt wurde troch middel fan recycling. Neffens Vernooij hellet Fryslân dizze noarmen no al.

De grutste útdaging yn de ôffalferwurking sit neffens de direkteur yn it brûken en opnij brûken fan plestik. Omrin is dêrom drok dwaande om plestik mear en better te recycljen. De ôffalferwurker rint dêryn foarop yn Nederlân, en se wolle dit graach sa hâlde foar de takomst.



Trefwurden: 
Omrin recycling
(Advertinsje)
(Advertinsje)