Racebaan Hearrenfean no wenwykstrjitte

19 des 2017 - 15:52

De diken Fok en Skâns op It Hearrenfean binne tsjintwurdich in stik feiliger foar fytsers as foarhinne. Woansdei binne de diken wer iepen set foar it ferkear, nei't se opnij ynrjochte binne. Der is mear grien yn de strjitten en de diken binne no sa ynrjochte dat der minder hurd riden wurde kin troch auto's.

Eartiids wiene de strjitten de trochgeande dyk tusken Ljouwert en de rest fan Nederlân. Mar sûnt de komst fan de A32, lang ferline, hat it dy funksje net mear. Dochs bleau de dyk ûnferoare. Auto's rieden der noch altyd hurd en dat moast oars. No dogge de strjitten mear tinken oan in normale wenwyk. Mar oft it ferkear him dêr ek op oanpasse sil is ôfwachtsjen, seit foarsitter Ben Takkenberg fan Wijkbelang Heerenveen Noord.

Trefwurden: 
fok skâns Hearrenfean ferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)