Bewenners Skoatterwâld yn aksje tsjin gaswinning

19 des 2017 - 15:21

Bewenners fan de wyk Skoatterwâld op It Hearrenfean sille mei-inoar besykje om de gaswinning ûnder de wyk tsjin te gean. En se wolle gaswinbedriuw Vermilion op foarhân oanspraaklik stelle foar mooglike skea en it minder wurdich wurden fan har hûzen. It Staatstoezicht op de Mijnen seit dat der gjin direkte oanlieding foar soarch is fanwege de gaswinning, mar de minsken yn Skoatterwâld binne it dêr net mei iens. Sy fine dat der gjin gas wûn wurde moat ûnder in wenwyk. Se krije juridyske help fan in spesjalisearre advokatekantoar.

Trefwurden: 
Skoatterwâld gaswinning
(Advertinsje)
(Advertinsje)