Kening Willem-Alexander komt op besite nei Snits

Kening Willem-Alexander © RVD
Kening Willem-Alexander komt op tiisdei 23 jannewaris nei Snits. Hy iepenet dêr dan it fabryk EverUse. Dat makket isolaasjematten fan papierôffal, wêrby't alle materiaal ek wer opnij brûkt wurde kin. It fabryk brûkt gjin nije grûnstoffen en sa komt der ek gjin nij ôffal. EverUse is dêrmei folslein duorsum.
De kening sjocht op deselde dei yn Snits ek by ICT-bedriuw Snakeware. Dat bedriuw betinkt, ûntwerpt en makket fernijende digitale produkten dy't op alle digitale apparaten tagonklik binne. De kening krijt in rûnlieding en lit him byprate oer de nijste ûntwikkelingen.