Universitêre oplieding duorsum ûndernimme yn Ljouwert

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Campus Fryslân krijt der opnij in oplieding by. It giet dan om it ienjierrige masterprogramma Sustainable Entrepreneurship. De oplieding stiet yn it teken fan maatskiplik ferantwurde ûndernimmen. Studinten leare alderhanne saken oer it opsetten en runnen fan in duorsume ûndernimming. Dit learen bart sawol yn de praktyk by staazjebedriuwen, as yn kolleezjesealen. De nije masteroplieding is ûnderdiel fan it Centre for Sustainable Entrepreneurship fan Campus Fryslân. Yn dit sintrum wurkje fiif promovendy oan ûndersyk nei ferskate aspekten fan duorsum ûndernimme.