WoonFriesland sil tûzenen huzen opknappe

WoonFriesland sil de kommende fiif jier sa'n 9.000 huzen opknappe. It giet dan om in ynvestearring fan sa'n 370 miljoen euro. It jild wurdt ûnder oare brûkt om de huzen duorsumer te meitsjen. Ek sil der yn 18 Fryske gemeenten nijbou plakhawwe. De wenningboukorporaasje hat yn it ôfrûne jier al 2000 wenningen oanpakt. Sa hawwe ferskate hierders nije keukens, badkeamers en CV-ynstallaasjes yn harren hûs krigen.
Njonken de 9.000 huzen dy't de kommende jierren oanpakt wurde sille, wol WoonFriesland ek nochris sinnepanielen ynstallearje op 15.000 fan harren huzen. It jild foar al dizze ferbetteringskampanjes wurdt foar in part opbrocht troch it ferkeapjen fan fêstgoed.