Plysje hâldt frou Van Seggeren oan

19 des 2017 - 13:24

De 33-jierrige frou fan Tjeerd van Seggeren is tiisdei yn Kollumersweach oanholden as fertochte fan belutsenheid by de dea fan har man. De frou is fêstset yn beperking. Dat betsjut dat se allinne mei har advokaat prate mei. De kommende dagen wurdt de frou heard. De plysje ûndersiket op dit stuit de wenning fan de famylje.

De 37-jierrige Tjeerd van Seggeren waard begjin july dea fûn yn in greide by De Westereen. Hy hie swiere ferwûningen oan syn holle. De plysje slút net út dat yn dizze saak noch mear minsken oanhâlden wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)