Nij ûndernimmersfûns foar de promoasje fan Sint-Anne

19 des 2017 - 12:37

Sint-Anne moat better op de kaart set wurde as kearnplak yn de nije gemeente Waadhoeke, dêrom is der in Bildts Ondernemersfonds oprjochte. De stichting hat as doel om Sint-Anne sawol yntern as ekstern te promoatsjen. Dit moat barre troch it finansjeel stypjen fan bygelyks aktiviteiten en ferieningen dy't it doarp better op de kaart sette.

It jild foar it nije ûndernimmersfûns sil binnen helle wurde troch middel fan de reklamebelesting dy't bedriuwen en ynstellingen betelje yn de nije gemeente. Ek sil it fermogen fan de Stichting Bildts Starters Fonds yn fazen oergean nei it Bildts Ondernemersfonds. Dit betsjut dat de nije stichting de kommende trije jier, alle jierren sa'n 10.000 euro krije sil. De ûndernimmers yn de regio hawwe yn oktober harren akkoart jûn oan it finansjele plan foar it ûndernimmersfûns.

Klaas Holst Meijer is beneamd ta foarsitter fan it bestjoer fan de nije stichting. De oare bestjoersleden binne Ruurd Toren, Harm Jensma, John IJnema en Lieuwe Greidanus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)