Winkels It Hearrenfean langer iepen op snein

19 des 2017 - 12:13
Winkelstrjitte De Gracht It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Feike Wouda

Winkels yn de gemeente It Hearrenfean meie op de snein foar krystdagen en de snein foar de jierwiksel de doarren langer iepen dwaan foar klanten. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders besletten. De winkels meie fan 9 oere moarns oant 6 oere jûns iepen wêze. Undernimmers yn it plak hiene by de polityk oanjûn dat se ferlet hiene fan dizze langere keapsneinen.

Gewoanwei meie de winkels yn de gemeente op snein fan middeis 12 oere ôf iepen wêze, mar de supermerken woene dat it foar dizze twa sneinen earder wurde soe. De supermerken ferwachtsje de kommende dagen grutte drokte, en troch de iepeningstiden oan te passen is de ferwachting dat de stream klanten better betsjinne wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)