Grutste part lânbousektor draait goed
It giet goed mei it grutste part fan de lânbousektor. Dat blykt út de nijste sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek dy't tiisdeitemoarn bekend wurden binne. Hast yn alle sektoaren wurdt goed fertsjinne, foaral fanwege hege prizen foar bygelyks molkeprodukten, poaters, aaien en bargen. Mar net eltsenien profitearret fan de goede tiden.