"Boargers net serieus naam oangeande Lelystad Airport"

19 des 2017 - 11:43
Lelystad Airport moat fan 2019 ôf de fakânsjeflechten fan Skiphol oernimme - Foto: ANP

De oerheid hat boargers net serieus naam en te let en net genôch belutsen by de plannen foar de útwreiding fan Lelystad Airport. Dat seit de nasjonale ombudsman Reinier van Zutphen yn EenVandaag. Minister Cora van Nieuwenhuizen moat neffens de ombudsman oan de slach om it fertrouwen werom te krijen, oars is de kâns op ferdûbeling fan de ellinde grut.

Ut reaksjes fan bewenners makket Van Zutphen op dat se har net serieus naam fiele. It ministearje hat de minsken neffens him op it ferkearde spoar set mei de suggestje dat se ynsprekke koene, wylst de besluten al naam wiene. De ombudsman jout oan dat hy de kwestje goed yn de gaten hâlde sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)