Alden leger oplate jongerein posityf oer kânsen yn Fryslân

19 des 2017 - 11:20

Alden fan bern mei in lege oplieding, binne positiver oer de mooglikheden foar jongeren yn Fryslân as âlden fan bern mei in hegere oplieding. Dat docht bliken út ûndersyk troch it Fries Sociaal Planbureau ûnder 2000 leden fan it Panel Fryslân. Hast twatredde fan de befrege panelleden fynt dat der genôch opliedingsmooglikheden binne yn ús provinsje. Der tsjinoer seit noch gjin kwart fan de Friezen dat der genôch wurk foarhannen is foar jongerein.

Benammen âlden fan heechoplate jongerein binne hjir net tefreden oer en tinke dat ambisjeuze jongeren Fryslân om dy reden ferlitte. De útkomsten fan de ûndersiken wurde op 1 febrewaris besprutsen op it sympoasium 'Staat van Friese jongeren'.

Trefwurden: 
jongerein oplieding
(Advertinsje)
(Advertinsje)