Net mear in sigaretsje yn of om it MCL

It Medisch Centrum Leeuwarden (MCL) is fan 1 jannewaris ôf folslein smookfrij. Smoke mei no al net mear yn it sikehûs, en oer twa wiken mei der ek op it terrein fan it MCL net mear smookt wurde. De smookhokken op it terrein fan it MCL wurde dan ek opromme.
It MCL is mei dizze maatregel it earste folslein smookfrije sikehûs fan Nederlân. It Ljouwerter sikehûs hopet hjirmei in trend yn gong te setten. Oer it hanthavenjen fan dizze maatregel sprekt it MCL him net dúdlik út. It sikehûs giet der fan út dat it ferbod opfolge wurde sil troch pasjinten en besikers fan it MCL.