"Bestjoerder Alliade moat sels de boete betelje"

19 des 2017 - 09:39

Foarsitter Erik Kuik fan de ried fan bestjoer fan Alliade op It Hearrenfean moat de boete fan 70.000 euro, dy't de Nederlandse Zorgautoriteit de soarchgroep oplein hat, sels betelje. Dy oprop docht FNV-bestjoerder Maureen van der Pligt.

De NZa lei de boete op om't Alliade de oername fan sân meiwurkers en dêrmei 25 kliïnten fan in oar bedriuw net op tiid meld hat. Om't it in flater fan de direkteur sels is, soe hy om dy reden de boete sels betelje moatte. Neffens it fakbûn moat der gjin jild út de kas fan Alliade brûkt wurde om de boete te beteljen. De FNV is benaud dat der oars koarten wurde sil op jild foar kliïnten en meiwurkers.

Trefwurden: 
Alliade soarchgroep boete
(Advertinsje)
(Advertinsje)