Aksjefiere yn it middeisskoft foar De Friesland

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Sa'n 400 meiwurkers fan soarchfersekerder De Friesland yn Ljouwert brûke harren middeisskoft kommende tongersdei om aksje te fieren tsjin de foarnommen fúzje mei Zilveren Kruis. Beide bedriuwen binne ûnderdiel fan Achmea en dêr wolle se dat de beide soarchfersekerders fusearje. It fakbûn FNV is bang foar de wurkgelegenheid en autonomy fan de beide fersekerders en hat Achmea in ultimatum steld. Giet it bedriuw der net op yn, dan komme der mear aksjes, seit de FNV.