Kollum: "Wês in Fries"

19 des 2017 - 08:22

"Buorman hong de flagge bûtendoar. Yn gedachten gie ik fluch in hiele list by del fan wat ik no wer oan wichtige dagen en/of feesten mist hie. Ik koe neat betinke, en dus frege ik him wat der te rêden wie.

‘Hast it net meikrigen?’ sei er. ‘It Sociaal Plan Bureau hat syn nije rapport oer de stân fan Nederlân presintearre. De konklúzje is dat it noch noait sa goed west hat as no. De kwaliteit fan libjen is de ôfrûne 25 jier omheech gien. Nederlanners ha mear te besteegjen, libje langer, binne better oplaat en ha faker in baan. De kriminaliteit is omleech gien, de huzen binne kwalitatyf folle better, wy sporte mear en gean faker op fakânsje. Dat is dochs geweldich? Noch lokwinske dêrmei!’

Wy fûstken, en ik wist net rjocht hoe’t ik my hâlde moast. Nei in stikmannich slokjes en in hompe woarst fan de ambachtlike slachter rekke ik nei hûs. Om myn lytse, mar dochs prangjende ynformaasje efterstân yn te rinnen slingere ik it ynternet oan. Buorman hie gelyk. Oer it algemien giet alles better as 25 jier lyn. Tagelyk konstatearret it SCP dat der in pear ‘hardnekkige problemen en ongelijkheden’ binne. Nederlân is in ryk lân, mar it tal minsken dat yn earmoed libbet is omheech gien. De ferskillen tusken heech- en leechoplate minsken is grutter wurden, krekt as dat tusken wurkjenden en net-wurkjenden.

Dat ja, it giet goed mei Nederlân ast it ferlikest mei in protte oare lannen. It probleem mei soks is dat sa’n ûndersyk him taleit op gemiddelden. De ekstremen binne net sichtber, wylst dy der wol binne. Minsken mei in wurkbeheining, guon dy’t groanysk siik binne en, bygelyks, hendikept, profitearje net fan de ekonomyske groei. De foardielen dêrfan komme benammen by de hegere middenynkommens en de alderryksten telâne. Yn alle gefallen wie de regearing wiis mei it rapport. Sa wiis, dat se no ek op ‘gelok’ fokusje wolle. Mei oare wurden: hoe krije wy de Nederlanners, behalve tefredener, ek gelokkiger?

Ien en oar hat te krijen mei in inisjatyf fan de Verenigde Naties dat regearingen stimulearje wol om it belang fan boargers foarop te setten. Ien kear yn de safolle tiid bringe se dêr in rapport oer út, it saneamde ‘Geloksrapport’. Yn de top 10 stiet Noarwegen boppe-oan, folge troch Denemarken. En Nederlân stiet op it 6e plak. Dat is bêst goed. Wat sis ik: dat is fokking goed! Noch moaier wurdt it as bliken docht dat binnen Nederlân de Friezen it heechst skoare. Leafst 91% fan alle Friezen omskriuwt himsels as ‘gelokkich’. De wichtichste ynfloeden foar dat gelok binne sûnens en it leafdeslibben. Krimp, wurkleazens, gaswinning en lânskipspine: it sil ús allegear oan de reet rustkje, it nukt ús twa kear hielendal neat: wy binne stomwei de gelokkichste minsken fan it hiele Nederlân. Wy ha de skjinste lucht, wy gean fan ’t bil safolle as wy wolle en wat in oar docht –of hat– soalt ús tsien kear neat.

As Friezen ha wy gewoan gelok hân, dat blykt mar wer. Dêrom in tip foar de rest fan it lân: Wês ek in Fries!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)