Auto yn brân op A32 by Wolvegea

19 des 2017 - 05:58
Foto: De Vries Media

Op de A32 fan It Hearrenfean nei Steenwijk is moandeitejûn in auto yn de brân flein. Dat wie by Wolvegea. De brânwacht fan Wolvegea en It Hearrenfean rieden út om de brân te blussen. De ynsitters wisten sels út de auto te kommen en kamen mei de skrik frij. Under it bluswurk wie ien rydbaan ôfsletten.

Trefwurden: 
brân auto
(Advertinsje)
(Advertinsje)