Harnzer rydt mei 218 kilometer oer de Ofslútdyk

© Twitter Team Verkeer Noord-Nederland
In 28-jierrige Harnzer die it him moandeitejûn net oan tiid om de ljochtkeunst fan keunstner Daan Roosegaarde te bewûnderjen. De man ried mei in faasje fan mar leafst 218 kilometer de oere oer de Ofslútdyk. It team Verkeer Noord-Nederland stie op in strategysk plak op de dyk opsteld en gie yn de efterfolging.

De man waard oan de kant set. It rydbewiis fan de Harnzer waard ynfoardere.