FNP stelt fragen oer fertraging oanlis breedbân ynternet

18 des 2017 - 22:51
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De Frysk Nasjonale Partij is besoarge dat de oanlis fan fluch ynternet op it Fryske plattelân op 'e nij fertraging oprint. De partij hat dit lêzen op de websites fan Telecompaper en VerbindDrenthe en wol no fan deputearre Sietske Poepjes witte hoe't dit krekt sit. Neffens de berjochten soe it KabelNoord net slagje om op tiid oanfoljende finansiering by de banken te krijen foar de oanlis fan fluch ynternet. KabelNoord soe noch op syk wêze nei sa'n 60 miljoen euro oan oanfoljende finansiering. De FNP is no benaud foar nij útstel fan de oanlis fan rap ynternet yn ûnrendabel gebiet.

De FNP fynt dat der alles oan dien wurde moat om útstel fan de wurksumheden foar te kommen. As de berjochten oer útstel klopje soe it kolleezje fan Deputearre Steaten sa gau mooglik yn aksje moatte. De FNP wol dêrom witte wat it provinsjaal bestjoer sels dwaan sil om in flugge beslútfoarming te befoarderjen. Ta beslút wol FNP-wurdfierder Sybren Posthumus witte "wannear't de skeppe no echt de grûn yn giet en it echte wurk begjinne sil. De minsken yn Fryslân hawwe al lang genôch wachte."

Trefwurden: 
fluch ynternet FNP
(Advertinsje)
(Advertinsje)