Nije promoasjeslogan Harns: Harlingen, welkom aan zee

In aparte wurkgroep hat der twa jier drok oer harsenskrabbe, mar moandeitejûn wie it lang om let safier: havenstêd Harns hat in offisjeel nij logo en in nije slogan dy't mear toeristen lûke moat. De útkomst is: Harlingen, welkom aan zee. Wat Harns te bieden hat en de aktiviteiten dy't der plakfine, is hast allegearre relatearre oan de see, seit de Harnzer VVV-foarsitter Ben van der Ham. Mei de gedachte dat alle besikers, ynwenners en it stedsbestjoer mei har allen de stêd goed útdrage wolle, fynt wethâlder Maria le Roy de slogan goed keazen. Dêrom is der ek in nij logo makke dat 'dapper en stoer' is, omdat it neffens Le Roy de lizzing oan see goed sjen lit.

De nije stedspromoasje is troch de gemeente Harns, Harlingen Promotion en VVV Harns presintearre. Neffens Ben van der Ham rint de gearwurking tussen dizze partijen goed, mar kin it noch wol wat better yn de takomst. 'We erkennen nu wat elkaars taken zijn en als we dat met elkaar omzetten naar activiteiten naar buiten toe, dan komt het goed." It nije promoasjeplan sil fan 2018 ôf brûkt wurde om Harns goed op 'e kaart te setten.