Lintsje foar riedsleden Dames en Bouma yn Ljouwert

18 des 2017 - 22:10
Gea Dames en Atie van Vliet yn Swettehiem - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Boargemaster Ferd Crone hat moandei in keninklike ûnderskieding útrikt oan de ôfskiednimmende riedsleden Gea Dames (CDA) en Sietze Bouma (VVD). Beide riedsleden waarden beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Frou Dames-Bokma sit sûnt 14 maart 2002 foar it CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert. Se wie wurdfierder foar ûnder oare jeugdbelied, ûnderwijs, wykpanels, sûnensbelied en earmoedebelied. De ôfrûne jierren hat frou Dames har bot ynset har foar it ta stân kommen fan it Respijthuis, foar soarchfregers en mantelsoargers en it foar jongereinsintrum Jimmy's, dêr't jongerein by inoar komme kin en talinten ûntdekke kin.

Bouma wie sûnt 21 maart 1986 warber as riedslid. Hy wie oant 2014 polityk aktyf foar de VVD yn Boarnsterhim. Sûnt 1 jannewaris 2014 wie Bouma riedslid foar de VVD yn de gemeente Ljouwert. Hy wie wurdfierder foar finânsjes, lânbou, miljeu, wetter, enerzjy, ynfrastruktuer, monuminten en it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)