Soargen bewenners Oude Willem oer berikberens

18 des 2017 - 21:27

Omwenners fan de Oude Willem op de grins fan Fryslân en Drinte sitte yn noed oer de tagonklikheid fan de streek. Dat die bliken op de ynformaasjejûn fan moandei. De bewenners koene dêr de plannen sjen foar it gebiet by Appelskea dat de kommende jierren omfoarme wurdt ta natuer. It Drents-Friese Wold moat ien oaniensletten park wurde en dêrom krije fiif gebieten in make-over. Sleatten en greppels wurde tichtmakke en der komt in kronkeljende beek foar yn plak. Ek wurdt de oergong tusken bosk en greide hiel stadichjes makke. Sa moat it in natuerlik beekdal-lânskip wurde.

Foar kuierders en fytsers wurde de paden ferbettere. Mar dat betsjut ek dat fytspaden oars komme te lizzen en dat der maatregels komme om it autoferkear op de Oude Willemswei te beheinen. En dêr binne guon buertbewenners net gerêst op. Yn maart wurdt útein set mei de wurksumheden yn it Drents-Friese Wold.

(Advertinsje)
(Advertinsje)