Fenna Feenstra: SP Súdwest-Fryslân makke grutte flaters

De SP yn Súdwest-Fryslân hat by de weryndielingsferkiezingen fan ôfrûne moanne grutte flaters makke. De partij hat dêrtroch net profitearje kinnen fan de delgong fan de PvdA. Dat sei Fenna Feenstra, de SP-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten, moandei yn It Polytburo. Har partij hie besykje moatten de kiezers mear oan har te binen, fynt Feenstra. De SP gie yn Súdwest-Fryslân werom fan trije sitten nei ien sit.

By de kommende gemeenteriedsferkiezingen fan maart docht de SP yn Fryslân mar yn twa gemeenten mei: yn Smellingerlân en op It Hearrenfean. Feenstra sjocht dat wol mei it nedige betrouwen temjitte. Feenstra hat goede ferwachtingen fan de nije polityk lieder fan har partij, Lilian Marijnissen.