2017 goed jier foar de melkfeehâlders

18 des 2017 - 20:48
Melke - Foto: ANP

Nei twa meagere jierren hawwe de melkfeehâlders oer it jier 2017 folle better fertsjinne. Neffens sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek en de lânbou-universiteit buorken de melkfeehâlders fan alle lânbousektoaren it measte foarút. Troch de folle hegere molkepriis gie ek it ynkommen fan in soad boeren mei wol sa'n 22 persint omheech. In soad boeren moasten wol kij ynleverje fanwege it fosfaatreduksjeplan, mar trochdat in trochsneed ko mear molke produsearre, bleau ek de molkeproduksje ridlik op peil.

Bouboeren hawwe wat minder reden om tefreden te wêzen, want de sûkerbiten en konsumpsjejirpels brochten dit jier wat minder op. By pikeboeren wiene der yn 2017 grutte ferskillen tusken it iene en it oare bedriuw. Bedriuwen mei fipronyl fertsjinnen mar in bytsje, mar de bedriuwen sûnder fipronyl koene dêrtroch wer mear fertsjinje, want de priis fan de konsumpsje-aaien gie yn 2017 sa'n 18% omheech. It trochsneed lânboubedriuw makke yn 2017 sa'n fjouwer persint winst, sa hat it CBS berekkene. Dat is in folle geunstiger byld as ferline jier, want doe bedarren in soad bedriuwen yn de reade sifers.

Trefwurden: 
melkfeehâlder molkpriis
(Advertinsje)
(Advertinsje)