Thússoarchoanbieders wolle nachts gearwurkje

18 des 2017 - 20:17

As der net gau wat feroaret, ûntsteane mooglik grutte problemen foar minsken dy't ôfhinklik binne fan thússoarch. Nachts is dy soarch eins net te beteljen foar de thússoarchorganisaasjes, en dêrom smite trije grutte soarchoanbieders yn Fryslân de lapen gear. Se rjochtsje in koöperaasje op, sadat se ûnferwachte en ûnrendabele soarch dochs oanbiede kinne. Dat skriuwt de Ljouwerter Krante fan moandei. Der wurdt noch ûndersocht oft sa'n gearwurking ek wetlik tastien is, mar topman Klaas Kuilman fan Het Friese Land ferwachtet gjin problemen. "We witte inoars tariven net. Alle organisaasjes bliuwe selsstannich, en de minsken kinne sels kieze fan hokker organisaasje se soarch ha wolle."

Echte merkwurking yn de soarch is lykwols in utopy, seit er. "Dêr ha wy noait yn leaud. Wy wolle safolle mooglik besykje om de soarch yn Fryslan oerein te hâlden."

Trefwurden: 
thússoarch nachttsjinst
(advertinsje)
(advertinsje)