Noch gjin jild nei Fryslân út ynnovaasjepot

18 des 2017 - 20:06

Bestjoerders fan de provinsjes Fryslân en Oerisel meitsje har soargen oer it ferdielen fan de pot mei ynnovaasjejild fan it Ryk. Yn dy pot foar regionale ûntwikkeling sit 950 miljoen euro. Fan dat jild is al sa'n 600 miljoen tasein oan grutte projekten yn Rotterdam-Súd, Eindhoven, Seelân en Karibysk Nederlân. De provinsjes yn it noarden en easten fan Nederlân hawwe oant no ta noch neat tasein krigen. De Fryske deputearre Sander de Rouwe wol dêrom nei it krystreses gau om tafel mei minister Carola Schouten fan regionale ûntwikkeling. Neffens De Rouwe hat Fryslân ferskate gaadlike ynnovative projekten, dêr't it Ryk sa ynstappe kin. De Rouwe tinkt dêrby ûnder oare oan it fergrutsjen fan de slûs by Koarnwertersân, it fierder útbouwen fan wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert en ek oan projekten op it mêd fan de sirkulêre ekonomy.

De Rouwe seit dat er him net foarstelle kin dat it Ryk gjin ynnovaasjejild útlûkt foar projekten yn it noarden en it suden fan Nederlân. Syn kollega-deputearre Eddy van Hijum fan Oerisel is benaud dat it ferdielen fan de 350 miljoen dy't noch net ferparte is 'een bureaucratische grabbelton' wurdt. De Rouwe is fierder fan betinken dat it Ryk foaral trochgean moat mei it stimulearjen fan ynnovaasje yn de regio. Ien pot fan 950 miljoen euro is neffens De Rouwe te min foar it stimulearjen fan de regionale ekonomy op langere termyn. As de earste pot leech is - en dat is no al foar twatredde part it gefal - soe der in twadde ronde komme moatte, sa seit de Fryske deputearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)