Tet Rozendal útskeakele troch harsenskodding

Tet Rozendal © Omrop Fryslân
Troch in ûngelokkige fal kin Tet Rozendal tiisdei net optrede. Dat wurdt meld op de Facebook-pagina fan it Markiezenhof yn Bergen op Zoom. Rozendal soe tiisdei 19 desimber dêr de rol fan Mata Hari spylje. Op har eigen Facebook-pagina dielt Tet it berjocht fan it Markiezenhof en skriuwt dêrby it folgjende:

"Gister trippeldetrappelde ik met vrolijke pas uit mijn huis. Niet bedacht op een gladde bevroren ondergrond. Mijn voeten vlogen onder me vandaan en voordat ik het wist lag ik achterover en bonkte mijn hoofd op de harde stenen. (..) Pas later bemerkte ik dat mijn hoofd toch wel erg veel pijn deed en dat ik misselijk en duizelig was. Hersens kraken dat kan best fijn zijn maar je hersens schudden is toch iets minder prettig heb ik ontdekt. Het is dan ook onverstandig om naar Bergen op Zoom af te reizen om daar Mata Hari te spelen."

De minsken dy't in kaartsje kocht ha wurde persoanlik op de hichte steld wannear't der in nije spyldatum is, skriuwt de skouboarch. Se winskje Tet in soad betterskip. Mei in tekkentsje op de bank en útsjoch op de krystbeam hat Tet har no deljûn, skriuwt se op Facebook.