Auto te wetter yn Drachtster Feart, bestjoerder ferwûne

18 des 2017 - 19:02

Yn it sintrum fan Drachten is moandeitejûn om healwei sânen hinne in auto te wetter rekke. De bestjoerder is nei alle gedachten de macht oer it stjoer ferlern en bedarre yn de feart, dêr't syn auto hast kopke ûndergie. De man koe der op eigen krêft útkomme, mar rekke wol ferwûne.

De man is troch de ambulânse oerbrocht nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. 
 

(advertinsje)
(advertinsje)