Gjin mist, mar bytsje reek by iepening Ljouwerter fontein

By de offisjele iepening fan de 'Love-fontein' foar it Ljouwerter stasjon wie moandei gjin mist te sjen, mar allinnich in bytsje reek. It wie moandei te kâld foar it mist-effekt, mar yn maaie, by de offisjele iepening fan alle alve fonteinen, sil de mist it seker dwaan, sa seit de organisaasje fan it projekt fan de alve fonteinen. Tagelyk mei de fontein waard ek it folsleine Stasjonsplein weriepene. Dat is no neffens wethâlder Henk Deinum "hûndert kear moaier", as dat it wie, mei bettere sichtlinen en ek in folle moaiere kuierrûte fan stasjon nei binnenstêd. Deinum sjocht ek noch wol wat ferbetterpuntjes. De ferljochting is noch net hielendal klear en ek it iepenbier grien moat noch wat útgroeie. Deinum hat oant no ta allinnich noch mar positive reaksjes hân op it nije Stasjonsplein sa seit er. Dat is ek wichtich, want foar in soad besikers is it sa'n bytsje it earste dat se fan Ljouwert sjogge.

De kommende wiken wurde noch mear saken yn Ljouwert offisjeel iepene. Dat jildt bygelyks foar it Europaplein, oan de westkant fan de stêd, en ek foar de Blokhúspoarte, dêr't ûnder oare it haadkantoar fan de Kulturele Haadstêd sit. Alles moat fansels klear en spik en span wêze foar it startwykein fan Kulturele Haadstêd LF2018 yn jannewaris.