Koälysje-akkoart CDA, FNP en SAM yn Waadhoeke

18 des 2017 - 17:10

Yn de nije gemeente Waadhoeke ha it CDA, de FNP en SAM in koälysje-akkoart sletten. Dat presintearje se woansdeitemiddei. De partijen binne byelkoar sitten gien op advys fan ynformateur Fred Veenstra.

It CDA wie de winner fan de ferkiezingen yn Waadhoeke. In koälysje mei de FNP en SAM hie neffens de ynformateur de grutste kâns fan slagjen, omdat alle trije partijen har op duorsumens rjochtsje wolle en de minsken aktyf by it belied belûke wolle.

Trefwurden: 
Waadhoeke CDA FNP SAM
(Advertinsje)
(Advertinsje)