Wylgeteannekeunst yn de doarpen fan Smellingerlân

18 des 2017 - 17:08

It projekt WOODlandart hat 20.000 euro subsydzje krigen fan de gemeente Smellingerlân. Yn it ramt fan dat projekt sille ynwenners fan de doarpen yn Smellingerlân keunstwurken fan wylgeteannen meitsje. Dat dogge se ûnder lieding fan lânskipskeunstner Derk den Boer. De keunstwurken komme oan de kant fan de dyk te stean en moatte sa lânsridend folk wize op it unike kûlisselânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden.

It is ek it doel dat der sa nije foarmen fan gearwurking ûntstean tusken doarpsbewenners en de boeren dy't it materiaal foar de keunstwurken leverje. It projekt wurdt útfierd yn it ramt fan Kulturele Haadstêd LF2018.

(Advertinsje)
(Advertinsje)