Beloften SC Hearrenfean winne fan NAC

18 des 2017 - 16:57

De beloften fan Sportklup Hearrenfean ha moandeitemiddei yn de beker fan Jong NAC Breda wûn. Op it keunstgersfjild fan Hearrenfeanse Boys waard it 4-0 foar de ploech fan Chris de Wagt. Yn de earste helte skoarden Jordy Bruijn en Tristan Borges. Nei it skoft makke Nemanja Mihajlović de 3-0 en Jizz Hornkamp soarge dêrnei noch foar 4-0. Ofrûne sneon wûn it earste fan Hearrenfean ek al fan NAC Breda.

Yn de bekerpûl mei fiif oare teams hat Hearrenfean no seis punten út trije wedstriden. Earder wûnen de Friezen fan Jong RKC en ferlear de ploech fan Helmond Sport. De bêste twa fan de pûl geane troch.

De Hearrenfeanbeloften spylje yn jannewaris harren fjirde bekerwedstriid, thús tsjin Jong PEC Zwolle.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)