Petear mei groepke op bylden smyt neat op oer fermiste Remon

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It groepke minsken dat socht waard yn ferbân mei de fermissing fan Remon Bruinsma fan De Westereen kin him net heuge oft se him troffen ha. Dat seit de plysje. De plysje wol net mear as dat kwyt oer it petear mei de groep minsken. It groepke is te sjen op bylden fan bewakingskamera's dy't makke binne fan de Nijstêd yn Ljouwert, de nachts dat Remon fermist rekke. Dy bylden binne ôfrûne wykein op ynternet set. De groep minsken melde har dêrnei by de plysje. Dy hat mei se praat, mar dat hat dus neat opsmiten.
Remon Bruinsma is al mear as twa wiken spoarleas. Hy kaam net thús nei in jûntsje stappen yn Ljouwert. Besjoch ek it oersjoch fan ús berjochtjouwing oer de fermissing fan Remon Bruinsma.