Jild foar opknapbeurt wyksintrum Oldegalileën-Blommebuert

18 des 2017 - 16:04
Foto: Omrop Fryslân

It wyksintrum fan de Blommebuert en Oldegalileën yn Ljouwert krijt subsydzje fan de provinsje foar in grutte opknapbeurt. De grutte seal wurdt geskikt makke foar grutte groepen. Boppe komt in romte foar lytsere aktiviteiten. En der komt bettere lûdsisolaasje en waarmte-isolaasje. De ferbouwing kostet 250.000 euro. De provinsje betellet der goed 30.000 euro oan mei.

It gebou is eigendom fan de Stichting Cultureel Centrum Mahatma Gandhi. Dy hat it kocht fan de gemeente Ljouwert. Betingst wie dat de wykbewenners it ek brûke meie. De stifting wurket dêrom no gear mei de wykferiening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)