Lyk út 1968 op Skylge no identifisearre

18 des 2017 - 15:43

In stoflik omskot dat hast fyftich jier lyn fûn is op Skylge is koartlyn einlings identifisearre. It giet om in man dy't doedestiids 26 jier wie. Syn DNA komt oerien mei genetysk materiaal dat syn famylje beskikber steld hie. Op fersyk fan de neibesteanden makket de plysje net bekend wêr't de man weikomt en hoe't er fermist rekke is. De man wie sûnt oktober 1967 spoarleas en - sa docht no bliken - begjin 1968 fûn wie op Skylge. Hy hie in namleas grêf op Skylge krigen.

It lichem wie seis jier lyn alris opgroeven, mar doe slagge it net om út te sykjen om wa't it gie. Mei-inoar waarden 16 grêven fan ûnbekende deaden op Skylge iepene yn 2011. It gie om minsken dy't tusken 1953 en 1986 oanspield wienen.

Yn 2014 begûn de plysje mei it project 'Zeeslachtoffers', om it DNA te sammeljen fan minsken dy't fermist rekke wienen op see. Dat wurdt ferlike mei it DNA út de DNA-databank fan de plysje.

Trefwurden: 
Skylge lyk stoflik omskot
(advertinsje)
(advertinsje)