Wurkstraf foar man út Easterwâlde foar bedriigjen eks

© Omrop Fryslân
In man út Easterwâlde hat moandei in wurkstraf fan 60 oeren krigen foar it bedriigjen fan syn eks-freondinne. De man hat de frou en har nije freon in kear klemriden mei syn auto en mei in hammer bedrige. Dat barde wylst er syn dochter fan twa jier yn de auto hie. In moanne earder hie er de ruten by de frou ynslein, wylst sy mei har freon op de bank siet. De man stiet no ûnder tafersjoch fan de reklassearring.

Hy moat ek in skeafergoeding betelje oan syn eks-freondinne. Sy moast út om in nij flierkleed omdat der allegearre glêssplinters yn it âlde kleed sieten.