Ben en Ruurd meitsje in fideoklip foar de krystdagen

It muzikale duo Ben en Ruurd fan Stiens hat dit jier de artystewrâld ferrast. Ferline simmer wienen Ben de Ruiter en Ruurd Woltring in hit op social media. Dêrnei hienen se ek noch hits mei it saneamde 'grunten' en doe gie it duo op it hichtepunt út mekoar. Mar solo binne se beide noch dwaande en ek trede se noch wol tegearre op. "We hebben een hartstikke leuk jaar gehad, veel bekendheid en veel optredens en clips opgenomen. We zijn zelfs bij 3FM geweest en bekend in België. Dit is wat ik wilde, dat heb ik nu bereikt. Mijn droom is in vervulling gegaan," fertelde Ben by De middei fan Fryslân.
Ruurd sil solo fierder mei it opnimmen fan platen, mar Ben nimt gjin platen mear op, mar sil noch wol optrede. It duo hat foar de krystdagen noch in klip opnommen. Ben: "Yn Stiens en Sint-Anne, ik had zelf de locatie uitgezocht. Het was mooi weer en de schapen liepen in het veld, dus dat past wel bij de kerst." De klip komt moandeitejûn op YouTube.
It programma Hea! makke opnamen by de klip en dy binne woansdei te sjen.
Ferline jier makke it duo ek al yn klip mei de krystdagen: