Omrin wurdt sirkulêr partner fan Leeuwarden-Fryslân 2018

18 des 2017 - 13:44

Omrin is offisjeel sirkulêr partner fan Leeuwarden-Fryslân 2018 wurden. De kontrakten dêrfoar binne moandei tekene yn de nije Recycle Boulevard fan ôffalbedriuw Omrin yn Ljouwert. Doel is om de festivals en eveneminten yn it ramt fan LF2018 griener en duorsumer te meitsjen. Neffens direkteur Tjeerd van Bekkum fan LF2018 is kultuer faak in briedplak fan ynnovaasjes en slút dat goed oan by de sirkulêre doelstellingen fan Omrin.

Direkteur John Vernooij fan ôffalferwurker Omrin is grutsk op de gearwurking en past it ek by de útferkiezing fan Fryslân as meast sirkulêre regio fan Nederlân. Neffens Van Bekkum sitte der mear 'partnerships' oan te kommen, sa wurdt letter dizze wike noch in kontrakt sletten mei it Jeugdcultuurfonds.

Trefwurden: 
Omrin sirkulêr LF2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)