Trije Fryske reedrydsters yn ploege-achterfolging Spelen

18 des 2017 - 13:26

Bûnscoach Geert Kuiper hat trije Fryske reedrydsters oanwiisd foar de ploege-achterfolging op de Olympyske Spelen. Antoinette de Jong, Marrit Leenstra en Ireen Wüst ride yn prinsipe dit ûnderdiel. Se moatte harren dan noch wol yndividueel pleatse. By de manlju is Jorrit Bergsma net selektearre. Sven Kramer wol. Hy rydt mei Jan Blokhuijsen en Koen Verweij.

Massastart

Dyselde Koen Verweij is ek de man dy't de massastart ride sil yn Súd-Koreä. Verweij is ien fan de twa Nederlanners dy't ride sil. Dy oare wurdt letter pas bekendmakke. By de froulju is Irene Schouten oanwiisd troch Geert Kuiper. Sy binne dêrtroch wis fan dielname oan de Spelen. De massastart stiet heech genôch yn de matriks om nei de Spelen te gean.

Matriks

It reedrydbûn hat moandei yn Utrecht de matriks bekendmakke. Dat is de seleksjefolchoarder foar de Olympyske Spelen. Dêryn stiet oanjûn op watfoar ôfstân oft wy de measte kâns op in medalje ha. Dy matriks is basearre op útslaggen fan de lêste WK ôfstannen en de wrâldbekers fan dit seizoen en fan ferline seizoen.

Rûchwei jildt: wat mear medaljes oft we helle ha op in ôfstân, wat heger dy ôfstân yn de matriks stiet. Sa stiet de 10.000 meter it heechste op de matriks. Op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai (OKT) kinne de riders harren dan pleatse. Der geane maksimaal tweintich Nederlânske riders nei de Spelen: tsien by de manlju en tsien by de froulju.

Op basis fan it lêste Nederlânsk kampioenskip ha we de listen alfêst ynfolle. Mocht dit de útslach wêze op it kommende Olympysk kwalifikaasjetoernoai, dan soene dizze riders nei de Spelen gean.

Manlju

1. 10.000 Jorrit Bergsma
2. 5.000 Sven Kramer
3. 1.500 Koen Verweij
4. 1.000 Kai Verbij
5. 10.000 Sven Kramer
6. 1.000 Kjeld Nuis
7. 1.500 Thomas Krol
8. 500 Dai Dai Ntab
9. 500 Ronald Mulder
10. 5.000 Jorrit Bergsma

11. massastart Koen Verweij
12. 500 Kai Verbij
13. 1.000 Koen Verweij
14. 1.500 Patrick Roest
15. 5.000 Erik Jan Kooiman

Froulju

1. 3.000 Antoinette de Jong
2. 3.000 Ireen Wüst
3. 1.500 Jorien ter Mors
4. 1.000 Jorien ter Mors
5. 1.500 Ireen Wüst
6. 1.500 Marrit Leenstra
7. 1.000 Marrit Leenstra
8. massastart Irene Schouten
9. 5.000 Antoinette de Jong
10. 3.000 Irene Schouten

11. 5.000 Carien Kleibeuker
12. 1.000 Ireen Wüst
13. 500 Jorien ter Mors
14. 500 Marrit Leenstra
15. 500 Sanneke de Neeling

(Advertinsje)
(Advertinsje)