"Cambuur is oan stân ferplicht om GVVV te ferslaan"

18 des 2017 - 13:03

Ynterim-trainer Sipke Hulshoff fan SC Cambuur wikselet syn ploech op trije plakken foar de bekerwedstriid tsjin GVVV. Bryan Smeets, Furdjel Narsingh en Nigel Robertha begjinne yn de basis. Dêrtroch sitte Jordy van Deelen en Martijn Barto op de bank. Xander Houtkoop is blessearre oan 'e foet en ûntbrekt tiisdei tsjin GVVV. Dy ploech stiet fjirde yn de twadde difyzje, de kompetysje ûnder de Jupiler League. "We binne it oan ús stân ferplicht om de folgjende ronde te heljen", fynt Hulshoff. As de Ljouwerters winne, sitte se yn it bekertoernoai by de lêste acht.

Trochdat Cambuur in brede seleksje hat, kin Hulshoff in pear feroarings dwaan yn syn basisopstelling. "Wy hawwe 18 oant 19 lykwurdige spilers. Binnen in pear wiken spylje we yn totaal fiif wedstriden en op dizze manier hawwe wy freed ek wer in fitte ploech." Om ûnderskatting foar te kommen, docht Cambuur itselde as wat der by in gewoane kompetysjewedstriid ek dien wurdt. "We mogen ze absoluut niet onderschatten", seit Issa Kallon oer GVVV. Hulshoff hat dy klup sneon live yn aksje sjoen yn harren wedstriid tsjin HHC Hardenberg. "It is in lestige ploech mei fysyk sterke jonges, dy't gefaarlik binne mei standertsitewaasjes. Foaryn komme harren oanfallers der fluch út. It is wol wat in kounterploech." Ek twa oare stêfleden hawwe GVVV yn de ôfrûne wiken yn aksje sjoen. Yn de foarige ronde fan de beker fersloech de klup út Veenendaal FC Dordrecht mei 1-0.

De wedstriid yn de achtste finales fan de beker tusken SC Cambuur en GVVV set tiisdei om 19.45 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.

(advertinsje)
(advertinsje)