Lange leechfleanrûtes nei Lelystad Airport min foar sûnens

18 des 2017 - 12:42

De lange leechfleanrûtes nei Lelystad Airport binne min foar de sûnens. De leechfleanende fleantugen kinne foar sliepproblemen en hege bloeddruk soargje. Ek is der it gefaar fan 'ultrafijnstof'. Dat smyt hegere risiko's op foar longproblemen en ûnder oare hert- en iersyktes. Dat is de konklúzje fan in literatuerstúdzje dy't dien is yn opdracht fan Laagvliegroutes NEE.

Húsdokter Leonhard Beijderwellen fan Langelille en molekulêr biologe Sara Botsschuijver ha dêr de ôfrûne moannen oan wurke. Beide wolle dat de MER, de miljeu-effektrapportaazje op 'e nij dien wurdt. Neffens Beijderwellen hie de saneamde Alderstafel, it oerlis oer de ûntwikkeling fan de loftfeart yn de omjouwing, witte moatten dat de lange leechfleanrûtes oerlêst jouwe en ek gefolgen ha foar de sûnens. Hy fynt ek dat it lûd en de konsintraasjes 'fijn- en ultrafijnstof' metten wurde moatte. Fierder moat fêstlein wurde dat Lelystad Airport net earder iepen mei as dat it loftrom op 'e nij yndield is. Dêrby moat fêstlein wurde dat fleantugen gau de loft yngean en yn in lange glydflecht sakje foar de lâning.

(Advertinsje)
(Advertinsje)